Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP stelt fragen oer tekoart oan húsdokters

Nei oanlieding fan in berjocht yn de LC fan 4 oktober oer it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert en ynkoarten yn hiel Fryslân, stelt de FNP skriftlike fragen oan it kolleezje.

It liket der op dat, as it kolleezje gjin aksje ûndernimt, op ferskate plakken yn Fryslân op koarte termyn gjin húsdokterssoarch mear foarhannen is. De FNP sprekt har noed en soarch hjir oer út en ropt it kolleezje op it sinjaal, wat ôfjûn is om Fryslân te promoaten om foldwaande húsdokters te hâlden, daliks op te pakken.

Wurdfierder Corlienke de Jong is fernuvere oer dizze tendins: "It kin dochs net sa wêze dat ynwenners fan Fryslân net mear by in húsdokter telâne kinne? Moatte dy sûnder earste-line soarch ?"

Fragen dy't it kolleezje foarlein wurde binne u.o.: Hoe grut it tekoart is (foaral foar de stêd Ljouwert), of dizze problematyk ek foar medysk spesjalisten jildt, hokker plan it kolleezje mei komt om dit grutte probleem oan te pakken, ensfh.

Om koart te kriemen: it kolleezje moat yn aksje om earste line húsdoktersoarch foar alle ynwenners fan  Fryslân berikber en beskikber te hâlden !



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)