Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

'Ik bin gjin plúsplakker' - Cees van Mourik yn de Frijbûtser fan juny

De nije partijfoarsitter fan de FNP jout yn syn yntreerede oan wat wy fan him ferwachtsje kinne. Fierder yn dizze edysje it ferslach fan de ALG op 19 maaie, de grutte punten fan de FNP yn de Steaten en oer de kandidatelist fan FNP Ljouwert.

Trije dingen binne wichtich, seit de nije partijfoarsitter yn syn yntreerede. Kommunikaasje mei de leden, kommunikaasje mei de ôfdielingen en kommunikaasje mei de FNP politisy. En: 'Yn de kommende twa jier binne der earst ferkiezingen yn de trije grutte gemeenten, dêrnei ferkiezingen yn de oare gemeenten en dan de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. As wy it by dy wichtige ferkiezingen net goed dogge, treed ik ôf, want dan haw ik it net goed dien. Ik bin gjin plúsplakker, dy't dan gewoan sitten bliuwt as ûnder syn ferantwurdlikheid ferkiezingen min beteare' .

 

Yn dizze Frijbûtser fierder it ferslach fan de Algemiene Ledegearkomste op 19 maaie 2017. De Steatefraksje bringt nijs oer de wichtichste FNP-punten dy't wy yn de Steaten beskrept hawwe. Fragen oer it Frysk op skoalle, in feilige oplossing mei tunnels foar de Westergoawei, maatskiplike koste-bate-analyze fan ynvestearringen yn de Fryske farwegen, de provinsjale Kadernota 2018 en de tekoarten by 'Waddenglas'. Ta beslút in artikel oer it fêststellen fan de kandidatelist fan de nije ôfdieling FNP Ljouwert (Ljouwert, Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel) foar de riedsferkiezings yn novimber.

 

 

Klik hjir nei de Frijbûtser fan juny 2017 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)