Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

De FNP yn de Earste Keamer

OSF logo Secretariaat OSF T. 06 - 41 20 36 04 infoosf.nl Ruysdaellaan 34, 6165 TZ Geleen.

Lanlike ynfloed regionale partijen
De leden van de Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket gear mei oare regionale en lokale partijen. Hja binne ferienige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). Hindrik ten Hoeve is de Senator fan de OSF en dus ek fan de FNP. Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne. Lês mear oer regionale polityk yn Nederlân yn it OSF-tiidskrift Locomotie.

 

Klik hjir nei de fisy en missy fan de OSF.

Klik hjir nei it pamflet Terug naar de menselijke Maat fan de OSF

 

FNP yn OSF bestjoer en Wittenskiplik Buro

De FNP is al fan it begjin yn 1995 ôf belutsen by Bestjoer en Wittenskiplik Buro fan de OSF.

Sûnt 2007 leveret de FNP de foarsitter fan de OSF.

 

2017 Durk Stoker 2017 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts

Durk Stoker


Wethâlder FNP SWF, is op dit stuit foarsitter fan de OSF.
Kontakt:durkstokerosfractie.nl
Tillefoan:  0514-52 24 97

Hindrik ten Hoeve


Senator. Earder FNP-partijfoarsitter, riedslid, Steatelid en tusken 2003 en 2011 senator.

Ekonoom. Is op dit stuit foarsitter fan it Wittenskiplik Buro fan de OSF.
Kontakt: hendriktenhoeveosfractie.nl
Tillefoan: 058 - 257 34 47

 

 

Missy en fisy fan de OSF 

De kwaliteit fan libjen yn en om doarp en stêd is it útgongspunt foar ús dwaan en litten. Der is gjin ideology, gjin bining mei hokker politike streaming dan ek: lokale begjinsels binne liedend. Op nasjonaal nivo wurdt dêr mar al te maklik oer hinne wâlde. Gemeentlike weryndielingen, anneksaasjes en grutskalige projekten as de Betuwerûte wurde fan boppe ôf oplein. Sûnder respekt wurde lokale mienskippen út it lykwicht helle of fernield. Sokke polityk rint út op in ûnfeilige, ûnwerkenbere, ûnbewenber wurdende mienskip dy't as los sân oan elkoar hinget. Jo taastbere regionale belang is ynspiraasjeboarne foar ús hanneljen yn de nasjonale polityk.

 

 

OSF foar ûnôfhinklike provinsjale polityk 

De OSF - Onafhankelijke SenaatsFractie - is de feriening foar ûnôfhinklike provinsjale polityk.
Provinsjale ûnôfhinklike partijen wurkje hjir yn gear. De OSF makket him sterk foar polityk op pleatslik nivo: pleatslike partijen foar de gemeenterieden, lanlike foar lanlike polityk en yn de Steaten fan de Provinsjes de provinsjale partijen. De partijen yn de OSF wolle troch it dielen fan ideeën en it dwaan fan ûndersyk en projekten sterker wurde. Better by steat om op te kommen foar de belangen fan de ynwenners fan harren provinsje.

 

 

Mear fasiliteiten foar ûnôfhinklike partijen troch de OSF
De "Onafhankelijke Senaatsfractie" is sûnt 1995 (earst als Regionalen/De Groenen) yn de Earste Keamer fertsjintwurdige, fia senator Marten Bierman (1995-2003), en fan 2003 oant en mei 2011 troch FNP-er Hindrik Ten Hoeve. Fan 2011 oant 2015 naam Kees de Lange de sit yn. Sûnt 9 juny 2015 is Ten Hoeve op'e nij de OSF senator. Fan 2007 ôf hat de FNP ek it foarsitterskip fan de OSF. In wichtich OSF-súkses foar de ûnôfhinklike beweging is dat op inisjatyf fan ús fraksje yn de Earste Keamer (doetiidsk senator Bierman) de fasiliteiten foar de OSF deselde wurden binne as dy fan partijen dy't yn de Twadde Keamer sitte.  

 

 

Wittenskiplik buro en radio / TV stjoertiid
Yn de praktyk betsjut dit dat der sûnt in tal jierren subsydzje is foar wittenskiplik ûndersyk en oplieding fan de oansluten regionale partijen. Lyksa is der troch it krewearjen fan de OSF- fraksje tillevysje- en radio stjoertiid kommen: de OSF docht mei oan de stjoertiid foar politike partijen by de publike omrop. De OSF stelt dizze stjoertiid beskikber foar oansluten regionale partijen. 

 



Downloads:
Fisy en missy fan de OSF

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)